De tagong nei it Greidhoek’ festival is oan de kant fan de jachthaven (fan de Terp-kant ôf te berikken). Hjir wurdt troch de boskjes in ‘Bertekanaal’ makke wêrtroch twa ferloskundigen de besikers in nije libbensfaze yngean litte.
Parkeare kin by Hankel’s parkearterrein oan de Koarte Baan. Meiwurkers fan it Greidhoek’ festival sille dúdlik meitsje hoe’t je op it festivalterrein komme. Ek kinne je fansels netsjes in plakje foar de auto fine earne oars yn Wommels. Bygelyks de parkearplakken fan de skoallen oan de Walperterwei binne hjirfoar geskikt.
Takom sneon 19 oere start de earste band mei spyljen yn de Iglo. It festivalterrein giet fan 18:30 ôf iepen.
Bob: It parkearen is fergees (yn hiel de Greidhoek’ trouwens). It wurdt net in drege befalling.