Paul Smit is byldzjend keunstner en wennet yn
Wommels. Yn syn wurk komt Bob Ross sa no en dan
foarby op in skildery. Paul krûpt yn de hûd fan Bob
Ross en sil as dé master himsels in kursus jaan: De
kursisten sille ‘de lol fan it skilderjen’ (frij fertaald nei
‘the joy of painting’) belibje as se de loft skilderje, de
bergen en de beammen. Dit alles mei de echte Bob
Ross as ynspiraasjebron op it skerm fan in tillevyzje.
Foar dizze masterlike wurksjop kinne jo je opjaan op
de jûn fan it Greidhoek’festival sels, mar as jo wis
wêze wolle fan in moai skildery foar thús boppe de
bank, dan kinnen jo je foar de earste twa wurksjops
opjaan fia it e-mailadres info@greidhoekfestival.nl
. Oan eltse wurksjop kinne fiif kursisten meidwaan.
Dielname kost mar ien lúzich muntsje. De earste rûnte start
om 19.30 oere, de twadde om 20.30 oer en de lêste rûnte start om
21.30 yn’e keunstwrâld. Doch en Sjoch! op it festivalterrein.
Bob seit: “Ik doch mei!”