Wy binne der tige wiis dat mei dat neist Nyk de Vries noch in fernaam dichter op ús festival komt. Nimmen minder as Tsjêbbe Hettinga sil op 15 septimber acte de présence jaan en fêst inkelde fan syn prachtige gedichten foardrage. Dizze Greidhoeker(berne yn 1947 yn Burchwert) wûn ûnder oare 3 kear de Rely-Jorritsma-priis en yn 2001 de heegste literêre priis fan de Provinsje Fryslân, de Gysbert Japicx-priis.
Dat is wer ris wat oars as sinteklazegedichten