Fier foar it earste Greidhoek’ Festival wienen der yn dizze omkriten fansels al bulten Greidhoek’-rockers en -rockjes. Sy wienen wyld fan Greidhoek’ Rock. Yn 1989 makken de Trije Gurbes dêr in nûmer oer; de Greidhoek’ Rock. Op 15 septimber 2012 steane dizze Trije Gurbes as de Nije Gurbes op it poadium fan it Greidhoek’ Festival en wy binne der hast wol wis fan dat sy dan ek dit machtige nûmer spylje kinne. Wat soe it dochs alderaardichst wêze as eltsenien dit dan meibalte kin.
De Greidhoek’, de Greidhoek’, de Greidhoek’, de Greidhoek Rock,…. dat moat slagje!!