It Greidhoek’ Festival fynt dit jier noch ien kear plak op it swimbadterrein. Sneon 7 septimber 2019 is de lêste kear… It tema is dan ek: Bob is dea, leve Bob! Om de yntinsiteit fan it fertriet wat te sprieden hat Bob dit jier ek op de jûn foarôfgeand oan de plechtichheid in stikje programma: de dûnsfoarstelling RAUW fan DeDansDivisie. Yn RAUW fertelt Marloes Schreur út Ljouwert fanút eigen ûnderfining hoe’t it is om dyn leafste en beide âlders misse te moatten en wer fierder te moatten mei it libben. De koreografy is fan Marlien Seinstra, sy wie earder by Bob te sjen mei Dûnsgroep De Meisjes. Elmar Kuiper hat meiwurke oan de teksten fan de foarstelling, ek hy is in goede bekende fan Bob.
De foarstelling is op freed 6 septimber op it festivalterrein fan 20.00 oant 21.00 oere.
De bewenners fan Nij Stapert bakke foar dit ôfskie cake foar by de kofje. De foarstelling is mei mooglik makke troch de FKWWI. Kaarten à € 5,- bin te keap by de Jumbo. Der is mar plak foar 100 minsken. Hjir is mear te lêzen oer de foarstelling RAUW.
PS: Foar it ôfskie fan Bob op sneon 7 septimber kinne jim alfêst in bijfreonlik blomke meinimme