Bob ’s jierlijkse Bobjûn foar frijwilligers, Boppers, OpperBoppers en OpperOpperBoppers fan it Greidhoek’ Festival sil dit jier plakfine op freed 1 juny. Op dizze jûn wurdt yn de tún fan de foarsitter oan de Van Sminialeane, ûnder it genot fan in hapke en in snapke en in alderaardichst stikje muzyk fan Sytse Haima bekend makke wat der dit kear allegear barre sil op it Greidhoek’ Festival op sneon 22 septimber. De bands dy ’t komme te spyljen wurde dus bekend makke lykas it keunstprogramma en it tema. Ytkafé Jonker Sikke sil soargje foar in lekker hapke!
De tagong is fergees en Bob trakteart.
Alle frijwilligers, Boppers, OpperBoppers en OpperOpperBoppers hawwe in útnoeging krigen en binne oars by dizze útnoege!
Bob seit; “De hiele jûn Bob kosten fan Bob!”