Kommende freed is der yn it appelhôf oan de Van Sminialeane yn Wommels in “Bobjûn” foar Boppers, stipers en frijwilligers fan it Greidhoek’Festival. Eltsenien hat dêrfoar ynmiddels in útnoeging krigen.
It sil in alderaardichste jûn wurde wêr ’t û.o. út de doeken dien wurde sil op in saneamde parsekonferinsje wat der sa al spylje sil op sneon 14 septimber op it Greidhoek’ Festival 2013.
Ek sil der it aldernoflikste bandsje Hayfever spylje.
It begjint om 19.00 en sil foar midsnacht dien wêze.
Wy sjogge nei jim út!
Bob: “Ik haw de flinters no al yn de búk; Bobobobobobobobobobobobobob”