Stifting Greidhoek’ Festival komt mei in wiere BOB-lijn. Dizze BOB-lijn sil bestean út sjurtsjes dy ’t makke binne mei as grutste ynspirator Bob Ross. Wy wolle elts jier mei de parsekonferinsje yn maaie sawol de bands bekend meitsje dy ’t op it festival komme te spyljen as de nije BOB-lijn. De earste sjurts mei prachtige BOBdrukken binne ynmiddels klear en kinne fanôf no besteld wurde yn de BOB-sjop: http://greidhoek.spreadshirt.nl
Ynkoarten sil der op ús webside noch in moaie knop komme wêr ’t jim Bob drukke kinne om yn de BOB-sjop te kommen.
De sjurts binne makke yn gearwurking mei De Staat van Creatie. Sy hawwe ek it logo fan it Greidhoek’ Festival makke en hawwe sels ek in alderaardichste sjurtsjop, dy ’t it besykjen mear dan wurdich is; http://www.halvegaren.nl.
De BOBsjurts binne te krijen yn alle maten, fan babys oan ‘t 5XL. Der binne sawol sjurts foar manlju as froulju, de kwaliteit fan de sjurts is heech en de prizen rinne útien fan 14 oan ‘t 27 euro.
Bob seit; “Mei sa ’n sjurt oan doar je wol Bob de foto!”