De Trije Gurbes begienen ein jierren 80 as Frysktalige psychobilly punkband en
spilen û.o. op Aaipop 1989. Dizze Trije Gurbes besteane út Frits Sieswerda(sang
en gitaar), Hans de Beer(basgitaar), Leo de Blaauw(gitaar en sang) en Menno
Bruinsma(drums).
De Trije Gurbes stoppen begjin jierren 90 om yn 2007 de tried wer op te pakken
en sa spilen sy ek op Aaipop 2008. Op 13 desimber 2008 namen sy tegeare mei
Strawelte yn Theater Romein op ‘e nij ôfskie.
Dit jier komme sy wer werom. Aaipop die harren op ‘e nij in flink oanbod, mar de
Gurbes woenen mar ien ding. As echte Greidhoekers de primeur gunne oan it
Greidhoek’ Festival 2012 as de Nije Gurbes!!
Wy sjogge no al út nei de Greidhoek’rockklassikers “Fryslân heart by my”, “Wêr bisto?”, “Hutspot”, “Hingje op dyn doc’s” en fansels “Stront” en “Hotel”.
En soenen sy spesjaal foar Bob “Greidhoek’ Rock” ôfstoffe hawwe?
Op 15 septimber roppe wy yn elts gefal allegear “Oi tsjin de wrâld”!
http://www.myspace.com/trijegurbes
De Dr. Martins skuodsje al yn de kast!