dEROELS meitsje fryske rock mei in protte oare ynfloeden. Mei teksten oer fleankleden, de leafde, pearze doaskes, âlde rituelen, mar ek oer de digitale roelvolúsje.
Op LIET 2009 hellen ús Roels de fyfde priis mei harren liet “It fleankleed”.
dEROELS hawwe ek al meardere suksesfolle optredens hân, fan grutte festivals (lykas: Aaipop, Tsjoch en it Frysk popgala) oan´t smûke kroechjes.
De mannen fan dEROELS hawwe yn in grut ferskaad oan fryske bands spile of spylje der noch yn (Wiegels Wjukkelmasine, Tsjettel, Xigatze, Cormick en Ljoubjr)
Live meitsje dEROELS der in grut spektakel fan, mei powerpointprintsjes en in flotte poadiumpresintaasje. Ek dizze kear op it Greidhoek’ Festival sil it in grut spektakel wurde mei in grutte ferrassing.
“Let Bob Roel”
dE ROELS binne:
Roel Roffel: drums
Roel Fet Cool: basgitaar en sang
Roel Old Skool: gitaar en kaaiboerd
Jah Roel: gitaar en sang
Dé simmerhit fan 2012!