Jetze de Vries Dan en Elmar Kuiper hawwe in nijskjirrich harkspul makke as harren oade oan de ‘frou’.
FROU is in poetysk harkspul, dêr ’st mei in koptillefoan op yn in oare wrâld terjochte komst. De lûden dy’st hearst wurde stipe troch bylden fan fammen en froulju, greide, fûgels, balstjurrige hynders en kij. Hearst sawol de stim fan in man as fan in frou. Der sprekt in soad langst út har wurden. De langst nei in oar is grut, it fjoer lôget sa no en dan op. FROU is in dream, dêr’st ivich yn omdjoeie wolst.
Tekst: Jetze de Vries
Byld: Elmar Kuiper
Lûd: Sytze Pruiksma
Stimmen: Jetze de Vries en Rinske Bergsma