It Greidhoek’ festival fan ôfrûne sneon wie in grut súkses. It smûke swimbadterrein yn Wommels wie omtsjoend ta in kompleet festivalterrein mei sfearfolle ferljochting, meardere poadia, in DJ, nijsgjirrige artysten én úteinlik dochs moai waar, wat ek meiwurke oan de ûntspannen sfear. Mear as 500 minsken ha geniete kinnen fan in grut ferskaat oan optredens.
Ien fan de ferrassings fan it Greidhoek’ festival wie DJ Disco Jungle. Dizze gelegenheidsformaasje soarge mei disko-klassikers op elpees derfoar dat de 70’s-tinte samar fol stie mei dûnsjende minsken. Ek de ôfsluter Boys Named Sue liet mei strakke pakken en gitaren jong en âld meiswinge mei de legindaryske Johnny Cash-hits. In bûtenbioskoop mei koarte filmkes fan Bob Ross, talintfolle dichters en in smûk muzikaal teaterke yn in opblaasbere iglo soargen foar in bysûnder evenemint. Mei de berte fan dit nije festival gienen ek de besikers symboalysk opnij it libben yn: om it terrein op te kommen moasten hja troch in bertekanaal, wêrnei ferloskundigen harren kaartsjes knipten en in âlde ambulânse as kassahokje tsjinne. Nei dizze troch entûsjaste stipers en frijwilligers tige slagge sneontejûn kin it Greidhoek’ festival libbensfetber ferklearre wurde. Wy binne benijd wat de takomst bringe sil.