Wat hat Bob sneon wer fan jim en it hiele Greidhoek’ Festival genoten! Wat Bob betreft wie dit de beste edysje ea. Mar leafst 1400 minsken hawwe sneon genietsje kinnen fan it feest fan nostalgy by Wiegels Wjukkelmasine, de prachtige workshops, it dûnsjen by Casa de la Muerte, de yngetogen muzyk fan Dooxz en Ellen Schoenaerts, it protte belovende debút fan de Tigers fan Greonterp, de shockerende punk fan Orgaanklap, de prachtige energie fan de Afterpartees en mei in hearlik gefoel nei hûs nei ôfsluter Prof. Nomad Session mei harren tribute oan Neil Young mei rockepos “Rockin’ in a Free World”. Machtich moai!
Hjirby tank oan jim en al ús frijwilligers!
Klik hjir ûnder foar de foto’s fan Piet Douma.
Greidhoek’ Festival 2015 foto’s Piet Douma |
Sjoch hjir ûnder foar de resinsje yn de Ljouwerter krante:
Y.f.m. it earste lustrum wie der in film makke dy’t op it festival te sjen wie. De “Bob; Lust Rum-film”.
Wa gunne jo eins in gleske rum?
Sjoch hjir foar de hiele film.
Bob seit; “Set 17 septimber 2016 mar fêst yn de aginda! Bob nei 2016!”