Untstean Greidhoek’ Festival
Yn it begjin wie der Klomprock en doe kaam Bob. Fan in sympatike benefyt-muzykjûn foar swimbad De Klomp, groeide yn de geast fan Bob Ross it suksesfolle en alsidige Greidhoek’ Festival. De earste edysje yn 2011 waard troch Willem Wijnia, Wybren Jorritsma, Teade de Boer, Ate de Boer, Jos Cartens en Arnold Strikwerda opsetten, wêrby’t swimbadfoarsitter Lukas Offinga it foartou naam. In moai ploechje minsken mei in ferskaat oan kwaliteiten, mar mei itselde doel wat it festival oangie. Yntym, tsjin de tried yn, eigensinnich, kreatyf, jierliks, in unyk evenemint yn de regio fol muzyk en ferskate keunstfoarmen. De earste edysje waard lyk in grut sukses ek al barde dat yn in oaze fan wetter en drek. It wie benammen de sfear en de strakke organisaasje dy’t wurdearring krige bij de gasten en ek bij de artysten. Dat smakke nei mear. Yn 2012 kamen der al sa’n 800 besikers en dêrnei alle kearen sa’n 200 mear, sadat wy yn 2018 op sa ‘n 2000 besikers sieten. Alle edysjes wiene prachtige sfearfolle festivals mei hearlike muzyk, iterij en nuveraardige keunstprojekten west.
Yn al dy jierren hawwe der al hiel wat artysten op it Greidhoek’ Festival stien:
7 sep 2019
De Raggende Manne
The Bootleg Doors
Rey Tranquilo
The Krontjong Devils
Seewolf
Peuk
Turboguru
Farsk!
John Frost
Love Couple
The Blues Busters
Willie Darktrousers en Joost Oomen
Op freed 6 sep. wie de dûnsfoarstelling Rauw troch De Dansdivisie