Wat hat Bob sneon wer fan jim en it hiele Greidhoek’ Festival genoten!
Mar leafst 1600 loksikers mocht Bob ûntfange op it swimbadterrein. Se kamen oer lân (de Terp) of fia de seerûte, dy’t begûn by it Tsiispakhûs. Op de boat krigen se fia in koptillefoan in oangripend ferhaal te hearen fan in flechteling. In heftige entree dy ’t op it festivalterrein oergie yn in see fan wille. Hearlik iten, drinken, muzyk, sprekkers, poëzy en nijsgjirrige workshops lykas Japanske ringen meitsje, haiku’s meitsje en zentangle. Mear as 400 bern mochten fan heit en mem wat langer opbliuwe om harren te fermeitsjen by de Coderdojo, by Bobsbisten (fan maiskolven leuke popkes meitsje), by de ‘nootopvang’ of gewoan lekker te dûnsjen by û.o. Jick Munro and the Amazing Laserbeams, The Blind Roofers, Pignose Willy’s en St. Tropez. De hiele jûn wie der foar eltsenien wol wat te dwaan en op it ein koe der noch noflik dûnse wurde by de DJ’s fan Neushoorn. Om 1.30 wie it dien en koe Bob weromsjen op in tige slagge edysje.
Machtich moai!
Hjirby tank oan jim, de OpperBoppers en Boppers en al ús frijwilligers!
Sjoch hjir ûnder foar de resinsje yn de Ljouwerter krante:
Foto: Hendrik Jellema
Bob seit; ‘Bob nei 23 septimber 2017!’