It Greidhoek’ festival liket no al in grut súkses te wurden. De foarferkeap is los gien en der binne al in protte kaarten ferkocht. Hieltyd mear minsken drage it festival in waarm hert ta troch harren as ‘Bopper’ yn ‘e Bob-100 te ferivigjen. Dizze list mei freonen fan it festival is neamd nei kultfiguer en festivalsymboal Bob Ross; dé lânskipsskilder fan de jierren njoggentich. It festivalprogramma bestiet út 14 optredens dy’t yn de iepen loft en yn tinten plakfine sille, wêrtroch it kulturele festival foar sinne likegoed as rein geskikt is.
Sneon 17 septimber om 19 oere start de earste band mei spyljen en litte twa ferloskundigen de besikers in nije libbensfaze yngean. Oant 1 oere nachts kin it publyk geniete fan orizjinele muzyk, poëzij, in 70’s-dj en in bûtenbioskoop. De Amsterdamske formaasje Boys Named Sue is de haadact en sil Johnny Cash werlibje litte. Derneist sil it Wommelser swimbadterrein sa oanklaaid wurde dat it Greidhoek’ festival mei rjocht in unyk barren neamd wurde kin. It festival wurdt mooglik makke troch entûsjaste frijwilligers en stipers. Foar mar € 7,- kinne jo derby wêze en de opbringst is bestimd foar swimbad De Klomp. Wolle jo mear ynformaasje of dit inisjatyf stypje en twa tagongskaarten tastjoerd krije? Wurd dan ek Bopper!
Kaarten yn de foarferkeap kinne kocht wurde yn Brúnkafee Jimbar yn Wommels.