It keunstprogramma begjint ek hieltiten mear foarm te krijen. Wy sille jim seker net fertelle wat der allegear barren giet, want Bob hâldt hiel bot fan ferrassingen.
It festival begiet yn elts gefal om 17.00 fanút de Jumbo(b) mei de mannen fan Frets. De lju fan Frets liede jim nei it festivalterrein wêr it fierder giet mei in optreden fan Frets, in workshop fan Trieneke Verbeek en kinne de bêrn harren opschminke litte oan ’t leden fan KISS.
Fanôf 19.00 sille û.o. de keunstner Paul Smit jim de fyne kneepkes fan de keunst jim keunstich lere.
Foar de bêrn is der in “stille” bêrnedisko en kinne bêrn meidwaan oan in vuurloop.
De Zoete Hanen binne ynhierd om dat te dwaan wêr as sy goed yn binne; ûntregelje. “Dat wurdt regele”, seinen sy.
Fan 20.00 is der in programma foar folwoeksenen yn ferskeidene kontainers. Wat jim dêr ferwachtsje kinne is mei gjin toetseboerd te beskriuwen.
Yn elts gefal stiet der it kappershok fan METZ-style: “Op haren & snaren”, dy ’t ús Bobby Rosa’s netsjes yn de klean, make-up en kapsels sette sil. Hjir trede Anne-Floor Hoitinga en Novelle(Henny Wassenaar mei Corien Steenstra) op.
En “Iggie” komt…………..
Yn de festivalbylage by de Op ‘e Skille fan ein augustus kinne jim it útgebreide programma lêze.
Bob seit; “Bobmerkelijk programma”.