In orizjineel neisimmer festival fanôf de betide sneontejûn. 17 septimber fan 19:00 ôf oant midsnacht wurdt der in bûtengewoan programma delsetten foar alle ynwenners fan de Greidhoek’ en fier deromhinne. Der is in iepenloft haadpoadium mei licht alternative muzyk. Derneist is der in 70’s-Tinte en in Iglo wêr jong en âld genietsje kinne fan in discjockey, poëzij én skilder Bob Ross!
Foar besikers oan ’t en mei 12 jier is de tagong fergees! De Amsterdamske formaasje Boys Named Sue is de haadact en sil Johnny Cash werlibje litte.
Koartsein: Fan Fryske trûbadoer oant Amerikaanske rockmuzyk. Fan dichter oant skilder. Fan de Sixties oant 2011, en alles wat hjir tusken sit is te finen op it Greidhoek’ festival!
Bob: Dit wurdt oars as oars; wês der by!