Nei Pinkpop kin it Greidhoek’ Festival fansels net efterbliuwe en sil der in parsekonferinsje hâlden wurde om it programma bekend te meitsjen. Ek sil der dy jûn op in ludike manier fierdere útlis jaan wurde oer it ien en oar.
Wêr ’t mister Pinkpop, Jan Smeets, syn parsekonferinsje altiten beleit yn de Amsterdamse poptimpel Paradiso sil ús eigen Bob Ross’ dit dwaan yn de smûkste rocktimpel fan de Greidhoek’ de Jimbar.
De eksakte datum fan dit barren is noch net hielendal bekend.
Bob: Ik bin benijd!