De kûgel is troch de tsjerke!
De parsekonferinsje foar it Greidhoek’ Festival 2012 sil hâlden wurde op freed 11 maaie fanôf 19.00 yn de Jimbar. Hjir sil û.o. bekend makke wurde wat bands as der spylje sille, it nije logo, de sponsers en der sil in sjek oanbean wurde oan it swimbad.
Fansels is eltsenien wolkom op dizze parsekonferinsje by te wenjen.
Rekkenje der mar op dat it de muoite wurdich wurde sil.