It liket sneon ien grut feest te wurden op it Greidhoek’ Festival!
In aldermachtichst moai earste lustrum.
Der is sneon wer in útgebreid keunst- en muzykprogramma.
Jim kinne de ferskeidene artysten noch efkes besjen en belústerje ûnder it kopke “programma 2015” hjir boppe.
Ek is der genôch te dwaan foar sawol jong as âld. Foar de bern is dêr û.o. Coderdojo en in workshop muzyk-produsere troch Tseard Verbeek.
Sawol jong as âld kin û.o. by Paul Smit in workshop Andy Warhol dwaan of moaie “glêsskervenkettingen” meitsje by Caleidoscoop of efkes by Jehannes Hibma syn “Lust-rum-caroussel” sjen.
Lyk om 17.30 oere kinne de jongste bern lústerje nei in prachtich ferhaal fan Mindert Wijnstra en oanslútend kinne de bern in taart Bob harren kop sette litte.
It waar liket foar sneon ek hielendal mei te wurkjen:
Mocht it al begjinne te reinen dan soe dat noch gjin probleem wêze, want wy hawwe dit jier twa prachtige smûke tinten Bob it festivalterrein:
Hjoed (woansdei) 9 septimber kinne jim Bob’s muzyk heare by Muzyk yn bedriuw by Omrop Fryslân.
Dit sil de Bobbouers fan it festivalterrein helpe alles Bob te bouen.
Bob seit; “Bob syn feestmûtse leit al te triljen Bob de kast!”