Op freed 22 maaie wie dêr alwer de “Bobjûn”, organiseare foar frijwilligers, Boppers en opperBoppers(stipers) fan it Greidhoek’ Festival. Op dizze noflike jûn yn it appelhôf oan de Van Sminialeane waard der alderaardichste muzyk spile troch The Wild Coyotes en wie der in wiere parsekonferinsje foar alwer de 5e edysje fan it Greidhoek’ Festival. It festival sil dit jier plakfine op sneon 12 septimber op it swimbadterrein yn Wommels. Op ludike wize waard bekend makke hoe ’t dy dei der sa ’n bytsje útsjen sil. Bob Ate en Bob Willem fertelden oer de tagongspriis (€10,-), de mooglikheid ta stypjen fan it festival (€40,- of €100,-) en wat je dêrfoar allegear werom krije (kaartsjes fansels, mar ek ivige rom en respekt), dat der ein augustus wer in spesjale festivalkrante by de Op ‘e Skille (“Bob ‘e Skille”) sit en it nije festivallogo waard ûntbleate. Jumbo Kooistra bliuwt de haadstiper fan it Greidhoek’ festival. Freeze.it en Rabobank SWF binne de nije ko-sponsers.
It festivaltema sil dit jier wêze; “Bob lust rum”. Dit hat fansels te krijen mei û.o. it alderearste lustrum wat it Greidhoek’ Festival mei makket. Op ferskeidene manieren sil it nije tema op 12 septimber wer nei foaren komme.
It Greidhoek’ Festival begjint ek dit jier wer middeis om in oer as 17.00 op de Terp. Ferfolgens sil dit oergean nei it festival op it swimbadterrein.
De keunstkommisje hat wer in ferskaat oan aktiviteiten binnenhelle foar it Greidhoek’Festival, Sa komt Mindert Wijnstra ferhalen fertellen, de sjongers Jos Hannema en Wouter van der Wal spylje yn húskeamersfeer, Tseard Verbeek jout syn geheimen priis as Digital Music Producer, Monique Verbruggen fersoarget in miniworkshop glêskeunst en komt mei har unike kaleidoscoopynstallaasje en ymprovisaasjeteater De Noordsterren. Sy hâlde eltsenien oan dy ’t te djip yn it gleske sjoen hawwe. En dat is noch mar in tipke fan ‘e sluier! Foar de iepening hat de keunstkommisje wer wat spesjaals yn petto. Miskien komme se ynkoarten wol by jo oan de doar mei de fraach; “Wa fertsjinnet neffens jo in gleske rum?”
De Bobbi Rosa’s sille it publyk wer begeliede by de keunstaktiviteiten. Bisto 18 jier of âlder en liket it dy aardich om Bobbi Rosa te wêzen jou dy dan op fia keunstkommisje@greidhoekfestival.frl.
De muzyk op it festival is ek dizze kear wer tige ferskaat. Sa komme der fia 3-voor12-Fryslân de triphop fan DOOXS, in soartefan postdubstep (wat it ik mar wêze mei) fan Bastard Sugar en de kommende winner fan de Kleine prijs van Fryslân. Foar de rest noch de rêstige lústermuzyk fan Ellen Schoenarts, de extatyske freakgospel fan Harm’s Fork, de krankjorems fan Orgaanklap, de willepop fan Wiegels Wjukkelmasine, de Hillbilly/Mexican/Balkan/PolkaRock fan Casa de la Muerte, de leukste gitaarband fan Nederlân (neffens de VPRO); de Afterpartees en as klap op de fjoerpylk as ôfsluter de Prof. Nomad Sessions mei harren oade oan Neil Young.
It festivalterrein sil ek dit kear wer eigenwiis en smûk oanklaaid wurde en der kin wer noflik ferskaat iten en dronken wurde.
Nei de parsekonferinsje koe eltsenien fierder genietsje fan in hapke en in snapke en it útsjoch oer it appelhôf, noch efkes dûnsje op de muzyk fan The Wild Coyotes en alfêst útsjen nei Greidhoek’Festival 2015.
Sjoch ek hjir foar it “programma fan 2015” oan ’t no ta.
Bob seit: “Bob nimt der fêst ien Bob!”