Op freed 20 maaie wie der wer de “Bobjûn”, organiseare foar frijwilligers, Boppers en opperBoppers(stipers) fan it Greidhoek’ Festival. Op dizze noflike jûn yn it appelhôf oan de Van Sminialeane waard der alderaardichste muzyk spile troch The Old Ditch River Hoppers út Utert en wie der in wiere parsekonferinsje foar alwer de 6e edysje fan it Greidhoek’ Festival. It festival sil dit jier plakfine op sneon 17 septimber op it swimbadterrein yn Wommels. Op ludike wize waard bekend makke hoe ’t dy dei der sa ’n bytsje útsjen sil. Fia in interaktive kwis fertelde Bob Ate oer de tagongspriis (€10,- foarferkeap, €12,- oan de kassa), de mooglikheid ta it stypjen fan it festival (€40,- of €100,-) en wat je dêrfoar allegear werom krije (kaartsjes fansels, mar ek ivige rom en respekt), dat der ein augustus wer in spesjale festivalkrante by de Op ‘e Skille (“Bob ‘e Skille”) sit en it nije festivallogo waard ûntbleate. Jumbo Kooistra is ek dit jier wer de haadstiper fan it Greidhoek’ festival. Okkema, Freez.it en Rabobank ZWF binne de ko-sponsers.
It festivaltema sil dit jier wêze; “Ien Happy Family”. Dit nei oanlieding fan it fluchtelingedebat wêrby de Greidhoek’ gongers alfêst wenne kinne oan de Japanse kultuer foar as it sa wêze mocht dat der mei de tiid in tsunami oan Japaners nei ús ta komme. Ek binne wy as Greidhoek’ers ien bliere famylje en Wommels hat ien Happy Family. Op ferskeidene manieren sil dit nije tema op 17 septimber nei foaren komme.
It Greidhoek’ Festival begjint ek dit jier wer middeis om in oer as 17.00 op it swimbadterrein.
De keunstkommisje hie twa Japanse froulju útnoege om it keunstprogramma út de doeken te dwaan. Yn it Japans…… Wy koenen der allinnich út op meitsje dat it keunstprogramma op 17 septimber wer út de keunst is.
De muzyk op it festival is op ‘e nij tige ferskaat. The Pignose Willy’s mei rauwe, stevige blues trash, St. Tropez (mei âld-leden fan Go Back to the Zoo) mei garage-punk, de surf fan Iguana Death Cult, de americana-rock-country-blues fan The Blind Roofers, de ragtime swing & folk ’n roll fan Jick Munro & The Amazing Laserbeams, de necropop fan Douwe Dijkstra en de sneue vertoning en de blues van De Kat.
It festivalterrein sil wer eigenwiis en smûk oanklaaid wurde en der kin wer noflik ferskaat iten en dronken wurde.
Nei de parsekonferinsje koe eltsenien fierder genietsje fan in hapke en in snapke en it útsjoch oer it appelhôf, noch efkes dûnsje op de muzyk fan The Old Ditch River Hoppers en alfêst útsjen nei Greidhoek’Festival 2016.
Sjoch hjir foar it “programma 2016” oan ’t no ta.
Bob seit: “Bob syn Japans!”