Freed 17 maaie waard der in Bobjûn organiseare foar frijwilligers, Boppers en stipers fan it Greidhoek’ Festival. Op dizze noflike jûn yn it appelhôf oan de Van Sminialeane waard der alderaardichste muzyk spile troch Hayfever en wie der in wiere parsekonferinsje foar it Greidhoek’ Festival 2013. It festival sil dit jier barre op sneon 14 septimber op it swimbadterrein yn Wommels. Op ludike wize waard bekend makke hoe ’t dy dei der sa ’n bytsje útsjen sil. Bob Ate en Bob Willem fertelden oer de tagongspriis(€8,-), it stypjen fan it festival (€40,- of €100,-) en wat je dêrfoar allegear werom krije(kaartsjes fansels, mar ek ivige rom en respekt), mar ek dat it Greidhoek’ Festival it swimbad in gift dien hat fan €1750,- en dat der begjin septimber in spesjale festivalkrante by de Op ‘e Skille sit.
It festivaltema sil dit jier wêze; “de oade oan de frou”. Op ferskillende manieren sil dit op 14 septimber nei foaren komme.
De presintaasje is yn hannen fan Omrop-Fryslân-ikoan Simone Scheffer. Sy sil de ferskeidene artysten oanelkoar prate. It begjint middeis om in oer as 17.00 al op de Terp mei û.o. muzyk fan Willie Darktrousers en Femmes Vattaal en ferskillende keunstútingen. Ferfolgens sil dit oergean nei it festival op it swimbadterrein. Hjir sil in harkspul dien wurde troch Elmar Kuiper en Jetze de Vries en is der in film. Dêrneist sille û.o. Eeltsje Hettinga(dichter), Xigatze, Cosmic U, The Magical Mystery Tour(Beatles-coverband), BlackBoxRed, Einsteinbarbie, Hallo Venray en Mr. Wallace in optreden jaan. Dé AC/DC-tribute band Crazy/Daisy sil úteinlik dé oade oan de frou bringe mei Whole Lotta Rosie en fansels noch folle mear klassikers. It terrein sil ek dit kear wer eigenwiis en smuk oanklaaid wêze en der kin wer noflik iten en dronken wurde.
Nei de parsekonferinsje koe eltsenien fierder genietsje fan in hapke en in snapke en it útsjoch oer de appelhôf, noch efkes dûnsje op de rockabilly fan Hayfever en alfêst útsjen nei Greidhoek’Festival 2013.
Bob seit; “Moai sein!”