Kommende sneon begjinne de opnames foar de stille film “De Greidegeast”. Jim mei ek meidwaan.
Elmar Kuiper, dichter en byldzjend keunstner, makket op it stuit in unike
film, mei akteur en keunstner Mark Kooij yn de haadrol. De film sil ´De
Greidegeast´ hjitte en sa at de namme al oanjout stiet de Fryske greide sintraal.
De geast út de titel is in reynkarnaasje fan Bob Ross. De premjêre fynt plak op it Greidhoek’ festival, 15 septimber oansteande. Fryske Twitteraars en figuranten binne hurd nedich.
Yn ‘De Greidegeast’ stiet Bob Ross op út ’e dea. In mysterieuze krêft lûkt him nei in unyk fenomeen yn ’e greide. Ross stapt yn in tryste, swart wite wrâld om. Hy is op syk nei ynspiraasje en libbenswille. Bob beseft him dat er sûnder kleur likegoed yn ’e kiste
bliuwe kinnen hie. Hy wol it lânskip en de kleuren dy’t him lokkich meitsje,
weromfine. In ploech folgelingen helpe Bob en liede him nei de boarne ta. De
Greidegeast is in romantyske syktocht mei aparte foarfallen en happy little accidents.
De twitteraars moatte de (stomme) film foarsjen fan teksten. En dan benammen de kleuren fan it Fryske lânskip sa omskriuwe dat Bob Ross wer opbloeit as de fleurige skilder dy’t er altyd wie.“Oeehh, ik skilderje hjir in soppich grien bledsje oan ’e beam”. “Machtich! Ik toverje yn ’e hoeke in jarrebrún haske”. Dat soarte fan teksten wol de filmmakker losweakje út kreatyf Frysktalich twitterlân.
Slagget it Bob en fynt er syn ynspiraasje werom, sadat er de kleuren fan it libben wer sjen en skilderje kin?
Jimme moatte Bob helpe! Sjoch om jim hinne, sjoch it moaie fan ús lanskip en betink orizjinele Fryske wurden en sinnen.
Twitterje jimme boadskip of tip troch. De moaiste twitterboadskippen en twittertips krije in plakje yn ’e film! Help Bob. De boadskip moat te krijen ha mei de Fryske greide en dan mei nammen de kleuren en de skientme.
Doch ek mei as figurant op sneon 30 juny. Dêr fleuret Bob fan op!
Opjaan kin fia: elmar-kuiper@hotmail.com
Benijd hoefolle Bo(o)bs der binne…….