Foar it Greidhoek’ Festival wie elts jier kapitaal nedich, en dêr hienen wy belutsen minsken foar nedich. Stypje koe op trije manieren: Bopper, OpperBopper as OpperOpperBopper. Koest freon wurde – Bopper – of koest as bedriuw ynfestearje – OpperBopper as OpperOpperBopper–, wêrmei de bedriuwsnamme troch ús aktyf promoaten waard.
Do koest dyn bedriuw oanmelde troch hjir te klikken, of kontakt op te nimmen mei Willem Wijnia: info@greidhoekfestival.nl
Foar bedriuwen wienen der dus twa stiperspakketten:
Haadstiper á € 500,- (maksimaal 4 bedriuwen) (OpperOpperBopper)
- In unike manier om it bedriuw yn de Greidhoeke te promoaten
- Logo + link prominint op alle pagina’s fan dizze webside
- Logo op posters, flyers, billboards
- Nammefermelding yn parseberjochten
- Ludike reklamemooglikheden ûnder it festival
- Nammefermelding yn in tankadvertinsje
- In útnoeging foar de Bobjûn
- 10 frijkaarten
Stiper á € 125,- (OpperBopper)
- In unike manier om it bedriuw yn de Greidhoeke te promoaten
- Logo + link rûlearjend op alle sides fan ús webside
- Logo + link op de webside ûnder de side ‘OpperBoppers’
- Reklamemooglikheden op it grutte skerm op it festival
- Nammefermelding yn in tankadvertinsje
- In útnoeging foar de Bobjûn.
- 4 frijkaarten
Bob: “Yn oerlis koe der fansels ek neitocht wurde oer oare stipersmooglikheden en reklame-úterings. Wy kamen altiten ta in moaie Boblossing!”