It festivaltema sil dit jier wêze; “Ien Happy Family”!
Dit û.o. nei oanlieding fan it fluchtelingedebat wêrby de Greidhoek’ gongers alfêst wenne kinne oan de Japanske kultuer foar as it sa wêze mocht dat der mei de tiid in tsunami oan Japanners nei ús ta komme.
Sa kinne wy no alfêst foaroardielen en gefoelichheden behannelje sûnder dat dit lju lilk makket. Mocht der ea in krisis yn Japan komme dan tinke wy dat hiel Azië der lêst fan hawwe sil, dus nimme wy hiel Azië mar by de kop as Ien Happy Family.
As it no Taiwanezen, Nepalezen, Bhutanezen, Japanners of Sinezen binne, it makket ús net út.
Of sa ’t beppe yn it ferline al sei; “yn wezen binne wy ommers allegear Sinezen”.
Dêrneist binne wy as Greidhoek’ers ien bliere famylje en unyk foar Wommels is dat wy mar ien Happy Family hawwe; de pleatselijke Sinees!
Allegear tige goeie redenen om foar dit tema te kiezen begripe jim no wol 😉
Op ferskeidene manieren sil dit nije tema op 17 septimber nei foaren komme.
Lit je ferrasse troch û.o. in sushi-bar, karaoke, haiku-sessies en noch folle meal!
Bob nei 17 septimbel! Bob nei it Gleidhoek’ Festival!
Bob seit; “Better alles oer ien kaam as alles Bob ien bult”